9 en 10e kear Kompetysje keatsen
Ik wit net mar miskien benauwd foar blessures of sa mar lykwols koene we dochs keatse in twa perken. Baukje Stienstra woe wol efkes opwaarmje foar ik NK en sij keatste mei Jan Dik Slop tsjin Lyssa van der Ende en Halbe van der Valk. Baukje hie in goeie generale en wun mei 5-2 en 6-4. In it oare perk keatsen Dayna de Boer en Hans de Boer tsjin Jan Watze Wiersma en Martin Visser. In dizze partij wie it partoer fan Jan Watze de sterkste 3-5 en 2-6. Kompetysje omloop 10 Fan de wike kamen de earste mailsjes al. It is fakansje, is der noch wol komtetysje keatsen. Gelokkig koe ik die mailtsjes posityf beantwurdsje. Sadwaande kamen der 16 minsken nei it fjild en koe der in trije perken keatst wurden. Perk ien: Jan Reitsma, Jehannes Arendz en Jan Dik Slop tsjin Jelmer van der Valk, Halbe van der Valk en Lieuwe Fopma. Dizze partij gong moai gelyk op. Lieuwe kaam ytsje letter mar koe het dernei fan Hans de Boer oernimme. Die keatste ferfolgens in bytsje in perk twa wer hij bij Jennie Terpstra en Wisse Arendz efkes mei die. Die keatsten tsjin Arjan Talsma, en Reinder en Jouke Bonekamp. Mar om’t Hans einliks blesseart wie en Jennie en Wisse it maklik wunen 5-3 en 6-0 stapte hij gau wer út it fjild wei. Yn it tredde perk stiene Maaike Kuiper en Jantine (fan Jelmer) tsjinoer Dayna de Boer en Martin Visser. Dayna en Martin wûnen dizze partij met 5-3 en 6-6. En dan noch de útslach fan perk ien. Jelmer hie fergadering fan de Merke kommisje en Hans de Boer naam it stokje noch efkes fan him oer en sloech op 5-4 en 6-6 de keats foarby. Moai keatst. It wie de leste kear kompetysje keatsen. Takom wike bin ik der wol om in oer as ketier oer sanen. As der genoch minsken binne kinnen we altyd keatse. It komplete ferslach fan de kompetysje, en dus ek de utslach, leze jimme in it neijierboekje en nei de tiid ek op de webside fansels. Tank kompetysje keatsers foar jimme ynset en oant.......
Geplaatst op 22 July 2012